Ekstra jild socht foar Thialf

13 des 2012 - 12:32

De KNSB wol mei de provinsje besykje ekstra jild te krijen foar twa nije 400-meter banen by Thialf op It Hearrenfean. Foarsitter Doekle Terpstra fan it reedridersbûn ropt it provinsjebestjoer op om dêrfoar in heal jier te nimmen. De Fryske polityk nimt takom wike woansdei in beslút oer de takomst fan Thialf. Nei alle gedachten stelle provinsjale steaten 50 miljoen euro beskikber. Dêr moat dan de wedstriidbaan fan boud wurde, seit de mearderheid fan de steaten.

Deputearre Konst en de KNSB wolle leaver twa 400-meter banen, in wedstriidbaan en topsporttrainingshal. De kosten dêrfan binne 106 miljoen euro. Mar dat ekstra jild is der net, omdat it bedriuwslibben en it Ryk op de sinten sitten bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)