Jild foar opknappen tsjerken

Fyftjin tsjerken yn Fryslân kinne foar mei-inoar goed ien miljoen euro opknapt wurde. It giet om ûnder oare tsjerken yn Doanjum, Aldeboarn en Froubuorren. It jild komt foar in part fan de provinsje en foar in part fan it Ryk. De provinsjes meie dat nei eigen ynsjoch útjaan oan ryksmonuminten. De Stifting Behâld tsjerklike gebouwen hie ek foar njoggen oare tsjerken subsydzje oanfrege. Dy oanfraach is ôfwiisd omdat der net mear jild beskikber is.