Frou set buorman mes op kiel

13 des 2012 - 10:18

De plysje hat woansdei op de Weverij op De Gordyk in 25-jierrige frou út dat plak oanhâlden omdat se in buorman fan 61 jier it mes op de kiel set hie. De twa hiene spul mei elkoar en dat rûn sa heech op dat de frou de man bedrige en in mes foar it ljocht helle. Dêrnei naaide se út. It slachtoffer belle doe de plysje, dy't de frou yn har hûs oanhâlden hat. Se is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
mes De Gordyk
(advertinsje)