Bettere treinferbining nedich

13 des 2012 - 07:25

Der moat aveseard wurde mei it ferbetterjen fan de treinferbining tusken Fryslân en de Rânestêd. Dêrfoar pleitet reizgersorganisaasje Rocov yn in brief oan de minister. De Twadde Keamer praat tongersdei oer it haadspoarwegenet yn Nederlân en dêrmei ek oer de ferbining tusken Ljouwert en Zwolle. Neffens Rocov ride der te min treinen op dat trajekt en hat de NS net folle each foar dat probleem.

De reizgersorganisaasje fynt dat der twa sneltreinen en twa stoptreinen ride moatte tusken LJouwert en Swolle, want dat is fierder oeral sa tusken twa gruttere plakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)