Noch 4 dagen bertesoarch

Noch in pear dagen en it is definityf foarby mei de bertesoarch yn sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. Kommende snein is de lêste dei fan de ôfdieling. Fan nije wike ôf moatte de takomstige heiten en memmen nei Ljouwert of nei Drachten.
Earst soe de ôfdieling noch trochsette oant kommende maaitiid, mar de sluting is nei foarren helle. En dat betsjut foar in soad minsken dat se yndied net mear yn Dokkum telâne kinne, wylst se dêr noch al op rekkene hiene. Woansdei wie der in ynformaasjegearkomste oer de nije situaasje.