Warskôging foar ynbraak

Yn in brief dy't hûs oan hûs ferspraat is yn Harns waskôgje gemeente en plysje foar it grut tal ynbraken yn de stêd. Benammen tusken middeis fiif en jûns acht oere. Neffens de brief moatte minsken sels better oppasse en maatregels nimme.
 
Sa moatte minsken net alle ljochten útdwaan as se fuort gean en miskien de televyzje oanlitte. Sa liket it dat der noch ien thús is, sa skriuwe plysje en gemeente. Neffens de gemeente is de lêste tiid sprake fan in wiere ynbraakgolf, mar is de kâns grut dat de plysje ynkoarten mei arrestaasjes komt.