Oerlêst yn Wergea om brêge oer

12 des 2012 - 15:41

De brêge yn Wergea is wer iepen foar auto- en busferkear. Der is trije dagen oan wurke om de brêge wer by de tiid te bringen. Allinnich fytsers en kuierders koenen fia in needbrechje fan de iene nei de oare kant.

De brêge soe tiisdei klear wêze, mar dat slagge net. En dat soarge foar oerlêst, ek foar bygelyks skoalbern dy't yn Ljouwert op skoalle sitte. It wurk oan de brêge rûn út fanwege it minne waar.

Trefwurden: 
oerlêst Wergea brêge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)