Goedkeape kaarten by Harmonie

12 des 2012 - 15:13

Foar foarstellings yn De Harmonie is woansdei in soad animo. Om 12 oere giene de kassa's fan de skouboarch yn Ljouwert iepen. Se biuwe oant middernacht. Foar 12 euro kinne minsken kaarten keapje foar guon foarstellings. De aksje hat te krijen mei de datum fan 12- 12-'12. De direksje fan de skouboarch hopet dat minsken nei in besite yn de takomst wer faker nei it teater gean.

Trefwurden: 
De Harmonie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)