Ekstra jild by plan Molenplein

Gemeente Hearrenfean krijt ien miljoen euro subsydzje foar de werynrjochting fan it Molenplein. It jild komt út it konvenant A7 Westergo, in gearwurking tusken provinsje en gemeenten. Yn totaal giet it om in ynvestearing fan 23 miljoen euro. De gemeente stekt der sels seis miljoen yn. De rest moat betelle wurde troch ynvestearder De Hoge Dennen. Op it Molenplein moatte nije winkels, in parkeargaraazje en hierwenten komme. As de ried en ynvestearder akkoart binne, begjint de bou takom jier.