Man pakt foar oerfal by pomp

12 des 2012 - 12:20

De plysje hat tiisdeitejûn yn Bûtenpost in 41-jierrige man oanhâlden, dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de oerfal op it Texaco-tankstasjon yn Bûtenpost. By dy gewelddiedige oerfal op it tankstasjon oan de Kuperswei is moandeitejûn in jildbedrach meinommen. De dieder naaide dêrnei út op de fyts.

Trefwurden: 
plysje Bûtenpost oerfal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)