Datum ITGWO 2013 bekend

Into the Great Wide Open op Flylân © Omrop Fryslân, Alle Faber
It festival Into The Great Wide Open is takom jier op 6, 7 en 8 septimber. De kaartferkeap foar de fyfde edysje op Flylân begjint sneon 26 jannewaris 2013. Into The Great Wide Open is in yntym festival mei popmuzyk, film, keunst en aktiviteiten foar bern. Foar de kommende edysje wurde kaarten by de ferkeap keppele oan kampingplakken sadat de festivalbesikers in plak op ien fan de kampings hawwe.