Priis fideokeunstner Rijpma

De 28-jierrige fideokeunstner Johan Rijpma fan Jiskenhuzen hat de HKU-Award 2011 wûn. Rijpma is okkerdeis ôfstudearre oan de Hoge School voor de Kunsten fan Utrecht. Rijpma krige syn priis foar de film 'Tape Generations'.
De HKU Award wurdt alle jierren útrikt oan it meast fernijende ôfstudearprojekt. De winner krijt in bedrach fan 5000 euro. Rijpma krige ek de publykspriis en dêrmei nochris 500 euro.