Twa himpkwekerijen oprôle

16 des 2011 - 11:22

Yn Harns en Ljouwert binne tongersdei twa himpkwekerijen oprôle. Dy yn Harns waard ûntdutsen trochdat de eigener fan it hûs oan de Westerstrjitte dêr mei in reparaasje oan de gong wie. Hy seach doe dat de hierder fan de boppeferdjipping dêr himp hie. De plysje hat de 220 himpplanten opromje litten.

Yn in hûs oan de Eikenstrjitte yn Ljouwert waard in kwekerij mei fiifhûndert planten fûn. Dêr waard ek yllegaal stroom ôftape. De beide fertochten út Harns en Ljouwert binne noch net oppakt.

Trefwurden: 
himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)