Bernebuorkerij Skier bliuwt

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
Op Skiermûntseach wurde bestjoersleden socht foar de bernebuorkerij. Dy soe ticht gean, om't de behearder mei pensjoen gie. Mar nei aksjes fan de eilanners hat de gemeente besletten de buorkerij dochs iepen te hâlden.
Der komt no in aparte stichting dy't derfoar soargje moat dat de bernebuorkerij iepenbliuwt. Hy komt dan los te stean fan de gemeente.