Frou mei dea bedrige yn Stiens

16 des 2011 - 10:48

Yn Stiens is tongersdei in man fan 39 út dat plak oanhâlden op fertinking fan bedriging. De man hie earder dy dei in frou út it doarp mei de dea bedrige. Tsjûgen hiene dat sjoen en koene de plysje de man oanwize.

De fertochte is meinaam nei it buro. Nei it opmeitsjen fan in proses-ferbaal mocht er wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Stiens
(advertinsje)