Oppakt foar brûken GHB

16 des 2011 - 10:44

Op it Hearrenfean binne trije minsken oanhâlden foar besit fan GHB. De plysje krige in melding dat ien folslein trochsloech yn de Lytse Tsjerkestrjitte. Dêr seach de plysje in auto stean mei in grutte groep jongerein deromhinne.

In 34-jierrige ynwenner fan Aldskoat besocht in flesse fuort te moffeljen. Dêryn siet guod dêr't GHB mei makke wurde kin. Hy is oanhâlden. In 19-jierrige frou en in 24-jierrige man moasten ek mei nei it plysjeburo. Dy lêste wie net goed wurden fan de GHB.

Trefwurden: 
GHB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)