Jonge hat 15 kg fjoerwurk thús
De plysje hat tongersdeitejûn 15 kilo fjoerwurk yn beslach nommen yn in hûs oan de Hooizolder yn Drachten. Omwenners hiene klage oer it ôfstekken fan fjoerwurk yn de strjitte.
Ut plysje-ûndersyk die bliken dat in 16-jierrige bewenner dêr ferantwurdlik foar wie. Syn fjoerwurk is yn beslach naam. De jonge hat proses-ferbaal krigen.
Trefwurden:
fjoerwurk