Ravaazje nei ynbraak yn kafee
By in ynbraak yn in kafee oan de Noarderhaven yn Harns is in soad skea oanrjochte. De ynbraak waard tongersdei ûntdutsen, doe't in meiwurker fan it kafee deryn kaam.
De dieders hiene in brânblusser leechspuite en gokkasten en in pooltafel fernield. Der is in laptop stellen. Wat de finansjele skea krekt is, is net dúdlik.