Stalker foar Mercurius

15 des 2011 - 20:18

Mercurius, de lokale omrop fan Ljouwert hat lêst fan in âld-meiwurker dy't ferfelende mails stjoert út namme fan Mercurius. De meiwurker hat in skoft as frijwilliger belutsen west by Mercurius, mar is nei in konflikt fuortstjoerd.

De mails binne ûnder oare gien nei wethâlder Thea Koster en boargemaster Ferd Crone, mar ek nei de media. Yn de mails makket de man Mercurius út foar fan alles en noch wat, mar dêr kloppet neffens Mercurius neat fan. De direkteur fan Mercurius hat tongersdei oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Mercurius mails
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)