Utspraak oer nijbou Eagum

15 des 2011 - 19:44

Ald-wethâlder Jenny Bouma fan Boarnsterhim hat har skuldich makke oan belangeferfrisseling, mar is it net te bewizen dat se har dêr ek bewust fan wie. Dat skriuwt it Buro Integriteit Nederlandse Gemeenten yn in ûndersyk yn opdracht fan de gemeenteried. It buro hat ûndersyk dien nei de nijbouplannen yn Eagum hast tsien jier lyn. Op dat stuit wie Jenny Bouma wethâlder Romtlike Oardening fan Boarnsterhim, wylst har man belutsen wie by de plannen. Neffens it buro BING wie der dêrtroch sprake fan in persoanlik belang by de wethâlder en dat mei juridysk net,

It is lykwols net oan te toanen dat de wethâlder har bewust wie fan dizze persoanlike belangen en dat se der ek echt foardiel by hân hat. Se hat dat sels altyd ûntkend. Oft de konklúzjes fan it buro noch gefolgen hawwe sille hinget ôf fan de diskusje oer dit ûnderwerp yn de gemeenteried op tiisdei 20 desimber.

Trefwurden: 
Eagum BING Jenny Bouma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)