Protest slûpferkear Heliconwei

Bewenners fan de Heliconweg yn Ljouwert hawwe tongersdei demonstearre foar in feiligere fentwei. Dy wurdt sûnt de werynrjochting fan de dyk brûkt troch auto's dy't files rjochting it Europaplein omsile wolle. De auto's ride dêrby faak folle hurder as de 30 kilometer yn 'e oere dy't tastien is en dat soarget foar ûnfeilige sitewaasjes foar de bewenners en foar fytsers.
De bewenners hawwe de gemeente al in tal kearen frege om maatregels, mar omdat dy op har wachtsje litte waard der aksje fierd.
Dêrby blokkearden de bewenners de fentwei en waarden automobilisten oansprutsen op it brûken fan de dyk.