Bern bedrige nei sniebaljen

De plysje hat tiisdei in Dokkumer (43) oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan bedriging. Trije bern fan 11 en 12 jier smieten snieballen tsjin de ruten fan it hûs fan de fertochte op de Festus Hommiusstrjitte.
Nei't er de bern warskôge hie, kaam er mei in mes nei bûten en bedrige de bern ferbaal mei de dea. De plysje hat de man nei it buro brocht. De âlden fan de bern ha oanjefte dien.