Mei drank op út bocht flein

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In ynwenner fan Tytsjerk is tiisdeitejûn op de Camminghaburg yn Ljouwert mei de auto út 'e bocht flein. De man (47) ferlear troch de glêdens de macht oer it stjoer en glied fan 'e dyk. De auto rekke dêrby sa skansearre dat er net mear fierder ride koe. Ut in blaastest die bliken dat de man tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnaam, ek hat er in proses-ferbaal krigen.