Man stelt auto yn proefrit

© Omrop Fryslân
De plysje siket tips oer de stellerij fan in auto. Dy is tiisdei stellen by in autobedriuw oan de Wolfraamwei op It Hearrenfean. Doe't de eigener griene kentekenplaten pakte foar in proefrit, naaide de persoan dy't de proefrit meitsje soe mei de auto út. It giet om in grize Opel fan it type Vectra mei it kenteken 04-NL-SR. De man dy't mei de auto útnaaide, is in jier as fjirtich en prate mei in súdlik aksint.