Maleur busreizgers út Warten

12 des 2012 - 07:46

Minsken út Warten kinne moarns hast net mei de bus yn Ljouwert komme. Yn de nije tsjinstregeling fan Arriva, komme der folle minder bussen troch it doarp. Nei de bus fan acht oere kinne je oerenlang it doarp net yn of út mei it iepenbier ferfier. Reizgers út Warten koene woansdeitemoarn noch wol mei in pendelbuske yn Wergea komme, mar dêr ried de bus foar harren noas fuort en moasten se lifte om yn Ljouwert te kommen.

Arriva set saneamde opstappers yn op trajekten dêr't in soad bussen útfallen binne.

Sa'n opstapper moat fan te foaren reservearre wurde en de kosten binne 4 euro per kear. Dat komt dus boppe-op de kosten fan in eventueel abonnemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)