El Akchaoui ferlit Hearrenfean

12 des 2012 - 06:20

Youssef El Akchaoui ferlit per direkt fuotbalklup Sportklup Hearrenfean. De klup en de ferdigener hawwe tegearre besluten om it kontrakt te ferbrekken dat eins noch rûn oant de ein fan dit seizoen. Benammen omdat trainer Marco van Basten gjin gebrûk fan him makke.

El Akchaoui hat sûnt it seizoen 2010-2011 in kontrakt by SC Hearrenfean en spile 22 wedstriden foar de klup. Dêrneist waard hy ek twa kear in skoft ferhierd, earst oan VVV Venlo en dêrnei oan NAC Breda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)