Poel Harkema slim fersmoarge

11 des 2012 - 22:26

In poel en inkele sleatten by De Harkema binne sa swier fersmoarge dat der 6000 kúb bagger ôfgroeven wurde moat. De Swartflietdobbe en de fearten oan de Reitsmastrjitte wurde fan jannewaris ôf baggere. De earste plannen binne al fan 1988, mar no pas giet Wetterskip Fryslân ta sanearjen oer. It wurk kostet dik 300.000 euro en duorret in pear moanne. De grûn kin net mear brûkt wurde en moat nei in spesjaal stoart ta. De swiere metalen binne ôfkomstich fan bedriuwen, wêrûnder in gasfabryk, dy't yn it ferline yn de buert stienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)