Wylde staking Dunlop foarby

11 des 2012 - 22:16
  • Henk Korthof fan FNV Bondgenoten

Nei in wylde staking fan acht oeren is tiisdeitejûn let it bannefabryk Dunlop yn Drachten wer opstart. Dat wie it resultaat fan de bemiddeling fan de fakbûnen tusken de stakers en de direksje. Dy hat tasein hiel serieus rekken te hâlden mei de easken fan it personiel as it giet om de arbeidsbetingsten.

Mar as der net foar tongersdeitejûn in nij akkoart oer dy betingsten leit, lizze de 250 meiwurkers it wurk opnij del. Dunlop wol ûnder mear taslaggen op smoarch wurk yn it fabryk skrasse, mar dêr lizze de meiwurkers har net by del.

(advertinsje)