'F-16's te ticht byinoar'

Undersyk fan definsje hat útwiisd dat de twa F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis moandeitejûn by in oefening yn Dútslân yndie sawat yn botsing kaam binne. Spotters hearden de piloaten praten oer in 'near-miss'. De oefening is doe fuort stillein en de fleantugen binne werom gien nei de fleanbasis foar in evaluaasje. Ut in analyze fan de gegevens is dúdlik wurden dat de twa tastellen by in oefening foar in ûnderskepping te ticht byinoar kamen. Dêrby fleane de F-16's yn formaasje.
Om sokke ynsidinten yn de takomst foar te kommen, wurde de ûnderfinings fan moandeitejûn ferspraat ûnder fleaners fan alle lannen dêr't mei gearwurke wurdt.