Trilling bliuwt riedsel

Der is noch gjin dúdlikens oer de oarsaak fan de trillings dy't oan it begjin fan de middei yn in grut diel fan Fryslân te fernimmen wiene. Neffens it KNMI hat der gjin ierdskodding west, mar wie der wol sprake fan in trilling fan de lucht. Dy soe feroarsake wurde kinne troch in fleantúch dat troch de lûdsbarrière gie, mar neffens de fleanbasis hat dat yn Nederlân net it gefal west.
It KNMI tinkt dat de oarsaak yn Noard-Dútslân socht wurde moat. Mooglik hat dêr in eksploazje west of is dêr in fleantúch troch de lûdsbarriêre gien.