Wylde staking by Dunlop

11 des 2012 - 14:51

Personiel fan Dunlop yn Drachten hat tiisdei it wurk dellein. Under meiwurkers is grutte ûnfrede ûntstien oer it neilibjen fan salaris- en wurkôfspraken. Sa tinkt de direksje deroer om de saneamde roettaslach op te heffen. De taslach fan 10 persint op it salaris is bedoeld foar minsken dy't wurkje yn de mingôfdieling. De fakbûnen sille tiisdeitemiddei mei de leden prate oer de ûnfrede dy't der libbet.

By Dunlop Drachten wurde rubberen transportbannen en brânwachtslangen makke.

Trefwurden: 
staking Dunlop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)