Man ferwûne yn Skerpenseel

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
By in botsing tusken twa auto's op de Grindwei yn Skerpenseel is tiisdeitemiddei in man ferwûne rekke. De auto's botsten troch noch ûnbekende oarsaak tsjininoar.
Ien fan de bestjoerders kaam fêst te sitten yn 'e auto. Hy moast troch de brânwacht út de auto weihelle wurde. De man is mei pine yn de nekke nei it sikehûs brocht.