Trillings yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Yn in grut gebiet om Snits hinne binne tiisdei oan it begjin fan de middei trillings field. Op Twitter komme meldins fan Jutryp oant Menaam. Hûnen sloegen oan en ruten trillen yn de kezinen. Der is op guon plakken in lûde knal heard.
It giet net om in fleantúch dat troch de lûdsbarriêre knald is, sa hat de fleanbasis bekend makke. It KNMI sjocht ek nei de mooglike oarsaak fan de skodding.