Skorsing om tweets op skoalle

11 des 2012 - 12:21

It Bornego Kolleezje op It Hearrenfean hat trije learlingen skorst fanwege it anonym publisearjen fan misledigjende teksten op Twitter. De learlingen yn kwestje diene dat mei in nep-akkount op namme fan in oare learling dy't sels fan neat wist.

Foar rektor Frits Hoekstra, sels ek aktyf op Twitter, wie it oanlieding om yn te gripen. De skoalle hat de âlden fan alle 640 learlingen mei in brief oer it probleem ynformearre. Rektor Hoekstra soe graach sjen dat de âlden yn 'e gaten hâlde wat harren bern op sosjale media útheve.

De skorsing duorret in pear dagen. Dêrnei meie de learlingen wer nei skoalle ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)