Falsk jild yn Easterwâlde
Yn in winkel oan de Feangong yn Easterwâlde is fan 'e wike mei fjouwer falske briefkes fan 50 euro betelle. Dat hat de plysje bekend makke. De biljetten falle op, omdat se krekt wat lytser binne as de orizjinele.
De plysje freget minsken dy't ek falsk jild tsjinkomme, dat te melden.