Fergees hout foar Barentsz

11 des 2012 - 10:45

De replika fan de Willem Barentsz, dy't op 't heden boud wurdt yn Harns, krijt ikehout fan in lânguod yn Doetinchem. Tsientallen ikebeammen dêr moasten del en de bouwers fan it skip kinne it hout fergees krije. Yn dizze tiid fan krisis komt it fergese hout goed út, seit Gerald de Weerdt fan de Stichting Expeditieschip Willem Barentsz.

De bou fan it skip is op goed ien tredde, mar it is dreech om finansiers te finen. De houtjefte kin de nijbou wolris oer de krityske grins hinne tille, sa ferwachtet De Weerdt.

Trefwurden: 
Willem Barentsz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)