Undúdlikheid oer OV-klachten

11 des 2012 - 10:37

De nije tsjinstregeling fan bus en trein smyt ûngelikense reaksjes op wat de melding fan klachten oanbelanget. It lanlik meldpunt OV-loket hat oant no ta ien klacht út Fryslân binnenkrige. Reizgersorganisaasje Rocov makket melding fan in tsiental klachten, de ôfrûne dagen. Dat binne sawat likefolle as it Rocov ferwachte hie en net folle mear as oare jierren. By it meldpunt fan de SP binne tritich klachten binnenkaam oer de nije tsjinstregeling.

Sûnt snein ride der minder bussen op tiden wêrop't oars hast gjinien yn de bus siet.

Trefwurden: 
tsjinstregeling bustiden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)