Parkearkontrôle yn Burgum

Parkearzone yn Burgum © Google Streetview
De plysje sil fan 12 desimber ôf stranger kontrolearje op it brûken fan parkearskiven yn it sintrum fan Burgum. Ut ûndersyk hat bliken dien dat minsken gjin skiif brûke of langer stean bliuwe as dat mei.
De plysje skriuwt foarearst gjin bekeurings út, mar jout warskôgings. Der wurde ek ynformaasjebriefkes útdield. Dy binne beskikber steld troch de winkeliersferiening. Fan 1 jannewaris ôf wurde gjin warskôgings mear, mar boetes jûn. Dy kostje 85 euro.