Undersyk sedesaak klear

Op dit boartersplak yn Drachten waard it famke betaaste © Omrop Fryslân, Alle Faber
De plysje is klear mei it ûndersyk nei it ûnseedlik betaasten fan in in 6-jierrich famke yn Drachten. Nei oanlieding fan it programma Opsporing Verzocht kamen der fjouwer tips. Dy laten ta de oanhâlding fan in 23-jierrige man út Drachten. De plysje tinkt dêrmei de saak oplost te hawwen.
It famke waard op snein 25 novimber lêstich fallen yn in boarterstún oan de Westerwird yn Drachten.