Warskôging foar glêdens

11 des 2012 - 06:11

Ferkearsdielnimmers moatte der tiisdeitemoarn om tinke, it kin rûnom yn de provinsje glêd wêze. Struiauto's binne al fan fjouwer oere moarns oan it struien, mar der falt noch snie. It sâlt moat noch ynriden wurde.

Rykswettersteat en Provinsjale Wettersteat warskôgje foar glêdens. Op de sneldiken kin benammen op de linker weihelte somtiden snie lizze. Op ferskate diken stiet in file yn de moarnsspits. Sa hat it ferkear grutte muoite om Ljouwert yn te kommen.

Trefwurden: 
glêdens struie sâlt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)