'Jeugdwurkleazens prioriteit'

It oplossen fan de jeugdwurkleazens en it ôfskaffen fan it sosjale lienstelsel foar studinten moatte de kommende tiid prioriteit krije by de CDA-fraksje yn de Twadde Keamer. Dat boadskip hat it CDJA-Fryslân foar CDA-lieder Van Haersma Buma.
De jongeren wolle it leafst dat it CDA him sterk makket foar de ferromming fan it ûntslachrjocht. Boppedat moat de regel ôfskaft wurde dat nei trije jierkontrakten in fêste oanstelling folgje moat. Dat soarget der allinnich mar foar dat minsken dien krije.