Spektakel by Jong Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean en Jong PSV makken der moandeitejûn op it keunstgers fan Skoatterwâld in spektakel fan. Jong PSV kaam yn de earste helte fertsjinne op in 2-0 foarsprong. Yn de twadde helte fuotballe de thúsploech mei in protte fjoer en djipte yn it spul. Oussama Tannane makke de 1-2, en nei de 1-3 fan PSV, ek de 2-3. Luciano Slagveer teistere de latte, Hakim Ziyech skeat de bal dêrnei yn it net: 3-3. Jong It Fean kaam troch in kopbal fan Doke Schmidt op foarsprong, mar Menno Koch makke fuort dêrnei de 4-4. Dat it 4-4 bleau wie eins in wûnder.
Beide ploegen krigen yn de lêste fiif minuten noch gouden kânsen. Sa skeat Tannane noch op de latte en Ziyech op de peal. Jong Hearrenfean bliuwt koprinner mei 16 út 7. Jong FC Utrecht folget op twa punten. Dêrnei komme fiif ploegen mei 11 punten. Takom wike spilet Jong Hearrenfean de lêste útwedstriid foar de winter tsjin Jong Ajax.