Oerfallen B'post en Ljouwert

Yn Bûtenpost is moandei oan it begjin fan de jûn in tankstasjon oerfallen. In man yn in blau mei reade reinjas kaam it tankstasjon yn en bedrige de meiwurker mei in wapen. De man hat jild meinaam en is dêrnei op de fyts ôfset yn de rjochting fan de Foarstrjitte.
Om deselde tiid hinne waard yn Ljouwert ek in oerfal dien. Dêr bedrige in man in meiwurker fan in supermerk oan de Eastersingel. De man naam jild út de kassa mei en is dêrnei fuortfytst.
It giet neffens de plysje om in man fan sawat 45 jier âld mei in swarte mûtse op en donkere skuon oan.