Herkemij fuort as direkteur DE

Michiel Herkemij fan Douwe Egberts nimt oan de ein fan dit jier ôfskie as direkteur fan it kofjekonsern. Herkemij giet fuort nei in ferskil fan miening tusken him en de ried fan kommissarissen. Neffens in wurdfierder hie it mieningsferskil te krijen mei de faasje wêrmei't feroarings trochfierd wurde.
De taken fan Herkemij wurde foarearst oernaam troch Jan Bennink. Under Herkemij hat Douwe Egberts him ôfskieden fan Sara Lee en is it bedriuw de beurs opgien.