'Skea dassen falt bot ta'

10 des 2012 - 16:46

Boeren yn Súdeast-Fryslân hoege harren gjin soargen te meitsjen oer in grutte taname fan it tal dassen. Dat seit saakkundige André Donker, boskwachter fan Natuermonuminten yn it Drenths/Friese Wold. Neffens him bliuwt it tal dassen gelyk.

Boere-organisaasje LTO Noord krijt mear meldings fan skea troch dassen en wol dat der yngrypt wurdt foardat in grut probleem ûntstiet. Dat probleem sil der neffens Donker net komme. It falt hiel bot ta mei de skea troch dassen oan bygelyks maislân. Dy is folle minder as mei wiet waar.

Dassen soene sels jild opsmite kinne, neffens Natuermonuminten. In boer yn Oerisel lûkt der besikers mei en dat smyt jild op.

Trefwurden: 
das
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)