Bussen mei Johannesfans

Johannes Rypma, hjir earder yn de heale finale fan The Voice of Holland © ANP
Ut Blauhús wei gean freed twa bussen mei fans fan Johannes Rypma nei de finale fan teleyzjeprogramma The Voice of Holland. Al 84 fans en famyljeleden hawwe har oanmeld om mei te gean. Syn âlden, suske en freondinne reizgje ek mei de bus mei. It blaasorkest De Swalkers, dêr't Johannes en syn heit yn sitte, giet ek yn de bus mei. It is de fjirde kear dat der in groep Blauhústers by de televyzje-opnames is.
Freed is de finale fan it populêre programma. Dan moat Johannes it opnimme tsjin de oare trije oerbleaune dielnimmers.