Ridlik tal Fryske MBO-banen

Yn Fryslân falt it wol ta mei de ôfname fan it tal banen foar MBO-learlingen. Dat seit in wurdfierder fan it Friesland College. De measten kinne noch ridlik wurk fine, mei de bou as útsûndering. De learlingen krije it advys om nei it MBO fierder te learen en de measten dogge dat ek.
Lanlik sjoen is de wurkgelegenheid foar minsken mei in trochsneed-oplieding yn de lêste tsien jier mei 4,5 persint ôfnaam. De wurkgelegenheid foar minsken mei sawol in hege as in lege oplieding is krekt groeid. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Planburo.