Untslaggen Frl Campina Dútslân

10 des 2012 - 14:36

Friesland Campina sil yn Dútslân 230 minsken dien jaan. It giet om arbeidsplakken yn Keulen, Gütersloh en Heilbronn. Dat is it gefolch fan hege ynvestearrings yn de trije bedriuwen dy't dien wurde troch Friesland Campina om de konkurrinsjeposysje sterker te meitsjen. Dêrtroch sil minder personiel nedich wêze.

Friesland Campina hat yn Dútslân te krijen mei in fûle konkurrinsjestriid. Yn Dútslân wurkje likernôch 1500 minsken foar it suvelkonsern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)