Beuckelaar St Anne ferhuzet

Yn Sint Anne is moandei de grutte ferhuzing begûn by soarchsintrum Beuckelaer. 34 bewenners gean oer nei harren nije hûs.
De nijbou fan it soarchsintrum is goed in jier ferlyn begûn. Doe is earst in gebou fan fyftich jier âld sloopt. Op dat plak binne nije apparteminten delset. Dat is noch mar de earste faze, want yn jannewaris wurdt it folgjend diel sloopt, om plak te meitsjen foar nijbou. De bewenners wurde ûnder de ferhuzing apart opfongen, wylst de famylje, frijwilligers en meiwurkers fan it soarchsintrum it guod ferhúzje.
Foar de krystdagen moat alles klear wêze. Dan ferhuzet de haadyngong fan it soarchsintrum fan de Wassenaarstrjitte nei de Beuckelaerstrjitte. Flakby it soarchsintrum sitte MFC Ons Huis en de bibleteek. Doel is dat de strjitten yn de buert meikoarten ek opnij ynrjochte wurde.