Man pakt foar sjitterij Weaze

10 des 2012 - 12:20

De plysje hat ferline wike woansdei in fertochte oanhâlden foar de sjitterij op De Weaze fan in dei dêrfoar. De fertochte stapte út in auto en skeat op in groepke fan trije oant fjouwer persoanen. In 24-jierrige Ljouwerter rekke ferwûne. Dêrnei stapte de dieder wer yn de auto en naaide út.

It slachtoffer is troch syn freonen nei it sikehûs brocht. Hy moast him dêr behannelje litte, mar koe deselde jûn noch wer nei hûs ta. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk. De auto fan de fertochte is yn beslach naam foar spoare-ûndersyk.

Trefwurden: 
Weaze sjitterij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)